Yntellektuele eigendomsrjochten

19-10-2011 Print this page

B9 10296. Konsolidearre ferzje fan it ferdrach oangeande de Europeeske Uny en it ferdrach oangeande de wurking fan de Europeeske Uny.

"Kêst 118: Yn it ramt fan it ta stân bringen fan de wurking fan de ynterne merk stelle it Europeesk Parlemint en de Ried, neffens de gewoane wetjouwingsproseduere, de maatregels fêst foar it ynfieren fan Europeeske rjochtstitels dy't soargje moatte foar in ienfoarmige beskerming fan de yntellektuele eigendomsrjochten yn de hiele Uny, en ek foar it ynstellen fan sintralisearre machtigings-, koördinaasje- en kontrôleregelingen op it nivo fan de Uny.

De Ried stelt, neffens in bysûndere wetjouwingsproseduere, troch de wei fan feroarderingen de taleregelingen oangeande de Europeeske rjochtstitels fêst. De Ried beslút mei ienriedigens fan stimmen, nei rieplachtsjen fan it Europeesk Parlemint."

Lês it ferdrach hjir.

(Bijlage bij Kamerstuk 31384-(R1850) nr. 30. Officiële Friese vertaling van de geconsolideerde versies van het Verdrag betreffende de EU en het Verdrag betreffende de werking van de EU).